"Ik sjoch út nei de earste PC-Kening dy't út de kast komt"

23 jun 2021 - 18:41

Deputearre Sander de Rouwe sjocht út nei de earste PC-Kening dy't út de kast komt. Dat sei er nei in debat oer diskriminaasje fan homoseksuele sporters yn klaaikeamers en sportkantines.

Foto: ANP

"Sport is krekt de maatskippij yn it lyts", seit de deputearre, "mar it it logysk dat sporters harsels wêze kinne moatte. Foar diskriminaasje is gjin plak."

De PvdA, GrienLinks, D66, SP, CDA, 50+, FNP en PvdD yn Provinsjale Steaten fregen Deputearre Steaten woansdei om in aksjeplan om de diskriminaasje fan de LHBTIQ-groep yn sportferienings tsjin te gean.

Publykskampanje mei topsporters

Neffens PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg is it benammen foar amateurfuotballers, mar ek foar hurdfytsers en oare manlike sporters net feilich om út de kast te kommen fanwege de macho-kultuer yn klaaikeamers. "Het gaat vaak over vrouwen en auto's in de kleedkamer, daar kun je dan niet aan meedoen."

In publykskampanje mei Fryske topsporters soe dêr feroaring yn bringe kinne, seit Stalenburg. Hy fynt dat de provinsje dêr mei oan de slach moat as ferfolch op de kampanje om reinbôgeprovinsje te wurden.

Fryslân wie de lêste provinsje fan Nederlân dy't offisjeel 'reinbôgeprovinsje' waard. Dat betsjut dat de reinbôgeflagge no wapperet op it provinsjehûs.

It hat jierren duorre foardat it safier wie. Yn 2016 fûnen de grutste politike partijen noch dat it net nedich wie, mar fjouwer jier letter wiene se om.

Ien fan de minsken dy't him bot ynsetten hat om fan Fryslân in 'reinbôgeprovinsje' te meitsjen, is Sipke Jan Bousema. Hy wie suver emosjoneel doe't de kommissaris fan de Kening de útslach bekend makke.

Net alle partijen stypje de moasje foar de provinsjale aksje foar in aksjeplan tsjin diskriminaasje fan de LHBTIQ-groep by sportferienings. Neffens Steatelid Erwin Jousma fan Forum voor Democratie is it "geen provinciale taak".

"Daar heb je die pot weer"

"Burgers zijn weerbare mensen, geen slachtoffers", sei Jousma yn de Steaten. Hy waard dêrop troch ferskate Steateleden ûnderbrutsen. "Ik heb in de sportschool heel vaak moeten horen: Daar heb je die pot weer", seit SP-steatelid Hanneke Goede. Sy is sels al ris fan sportskoalle feroare, omdat se har net akseptearre fielde.

Oare steateleden wiisden Jousma der op dat yn guon gefallen de gefolgen slimmer binne. Amateurfuotballers jouwe oan dat se it net feilich fine om op de sportklup út de kast te kommen en om dy reden sels ophâlde fan fuotbaljen. Der binne ek ferhalen fan jonge homoseksuelen dy't selsmoard oerwaagje, omdat se útsluten wurde of harsels net wêze kinne.

Diskusje oer anti-homowet is 'ûnsinnich'

Stalenburg makke de diskusje ynternasjonaal troch te ferwizen nei de anty-homowet yn Hongarije, Jousma fûn dat mar 'ûnsinnich'. "De Steaten fan Fryslân geane net oer wat der yn Hongarije bart."

It wol net sizze dat Forum diskriminaasje goedkart. "Het verbod op discriminatie staat al in artikel 1 van onze grondwet. Op dit onderdeel is geen aparte actie van de provincie nodig."

Stalenburg sjocht dat oars. "Pas op het moment dat spelers van Cambuur of Heerenveen uit de kast komen, hoeven we hier niet meer over dit thema te hebben."

'Geen woorden maar daden'

"De tekst van het bekende sportlied is 'Hand in hand-kameraden'. We horen het wel, maar we zien het nog te weinig." Seit Sander de Rouwe, hy yntepretearret de oprop fan de Steaten as in oprop oan de Fryske sportwrâld, mar sil der ek sels mei oan de slach. "Geen woorden maar daden."

Foarsitter Arno Brok frege de Steateleden om 'oprjocht nei inoar te harkjen en net yn de eigen grammofoanplaat hingjen te bliuwen'. "As dat de útkomst is fan dit debat, dan bin ik tefreden."

Sjoch hjir nei de Fryslân Dok 'Us Rainbow Warrior' oer de striid fan Sipke Jan Bousema. De dokumintêre is ek op YouTube te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)