Wettersport-organisaasje pleitet foar bettere foarljochting nei deadlik ûngelok mei akku

Der moat mear foarljochting komme oer it brûken fan akku's yn de wettersport. Dat seit Jeroen van den Heuvel fan wettersportorganisaasje HISWA-RECRON, neidat in ûngelok mei in akku op in boat yn Boalsert oan twa minsken it libben koste hat.
© CAMJO media
Ut de earste resultaten fan it ûndersyk docht bliken dat dat de akku stikken wie. Der is wetterstofsulfide frijkaam. It ynazemjen fan dy stof is ek yn lege konsintraasjes ekstreem gefaarlik.
It gas hat de geur fan rotsjende aaien. De slachtoffers hawwe it fermoedlik net rûkt trochdat se leine sliepen.
Der hawwe faker ûngelokken west mei wetterstofsulfide op boaten. Foar safier't bekend is, binne der yn Nederlân dêrtroch noch nea earder minsken om it libben kaam.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma leit út wat der sa gefaarlik is oan in akku
It ûndersyk is noch net klear, mar der binne hieltyd faker problemen mei akku's op skippen, seit de wettersportorganisaasje. De akku's wurde te bot belêste.
De akku's binne net berekkene op de grutte apparaten, seit Jeroen van den Heuvel fan HISWA-RECRON. "Dat kunnen ze echt niet aan. Langzaam maar zeker neemt de capaciteit af. En als dat fout gaat, ontstaat er een gevaarlijke situatie."

'Nije wettersporters witte te min'

De organisaasje wol no ekstra foarljochting jaan oer akku's. Benammen nije wettersporters en boatsjehierders soene net genôch witte fan de gefaren. En sûnt de útbraak fan it coronafirus is it smoardrok op it Fryske wetter.
"Mensen die vaker op een boot zitten, snappen dat de capaciteit beperkt is, dus dat je daar niet allerlei apparaten tegelijk aan moet zetten. Mensen die die ervaring niet hebben en het makkelijk vergelijken met het netwerk aan de wal, daar moeten we nog wat extra informatie bij zetten."
Dêrom set de wettersportorganisaasje yn op bettere kommunikaasje mei hierders en oare wettersporters. De organisaasje wol dy minsken better foarljochtsje oer de beheinde foarried gas, drinkwetter en elektra op in boat.