Tal nije coronagefallen sakket hieltyd fierder: besmettingssifer yn moannen net sa leech

It oantal nije coronabesmettingen dat yn de ôfrûne 24 oeren registearre is, hat yn moannen net sa leech west. En it sakket hieltyd fierder. Yn trochsneed wiene der yn de ôfrûne wike fjirtjin besmettingen deis. Tiisdei lei dat trochsneed noch op sechtjin, in wike lyn op 21.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 10 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der fjouwer minder as tiisdei. Doe gie it om 14 besmettingen. De lêste kear dat it oantal nije besmettingen sa leech wie, is mear as njoggen moannen lyn. Dat wie healweis septimber.
De measte nije besmettingen binne no meld yn de gemeente Ljouwert: 4. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 2. Dat betsjut dat 12 fan de 18 Fryske gemeenten frij bleaune fan (registrearre) besmettingen.

Stjergefallen en opnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin minsken yn it sikehûs opnaam.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 679 nije coronagefallen registrearre. It lanlik trochsneed fan de ôfrûne wike leit op 763.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.