Ald-Cambuurkeeper Mous stapt oer nei SC Hearrenfean

SC Hearrenfean hat mei Xavier Mous in nije doelman binnen helle. De 25-jierrige Amsterdammer is transferfrij en tekenet freed in kontrakt foar twa seizoenen. Dan wurdt er ek medysk keurd.
© Orange Pictures
Technysk manager Ferry de Haan befêstiget dat Mous nei Hearrenfean giet. "Voor mijn komst was er al interesse voor Xavier. Hij mag het gaan uitvechten met Erwin Mulder en dan zien we wel wie er tegen Go Ahead Eagles tussen de palen staat."
Go Ahead Eagles is de earste tsjinstanner fan SC Hearrenfean yn it nije earedifyzjeseizoen, dat op freed 13 augustus úteinset.
SC Cambuur
Yn it seizoen 2018/2019 spile Mous by SC Cambuur. Dêr wie de doelman tige populêr en fertsjinne hy mei syn goede prestaasjes in transfer nei PEC Zwolle.
By Zwolle hat Mous de hege ferwachtings nea wiermeitsje kind. Dit seizoen rûn syn kontrakt ôf en krige hy te hearren dat Zwolle net mei him fierder woe.