Kazemattenmuseum al in wike sûnder wetter: wc's trochspiele mei jerrycans

It Kazemattenmuseum op de Ofslútdyk sit al in wike sûnder wetter. De steuringstsjinst fan Vitens kaam der ôfrûne freed efter dat in lek de oarsaak is, mar it probleem is noch hieltyd net oplost.
Sjoch nei de reportaazje
De frijwilligers fan it Kazemattenmuseum hawwe mei de nedige kreativiteit de besikers dochs fan wetter foarsjoen kinnen. Flessen wetter waarden oansleept foar de kofje en tee, en mei jerrycans waarden de wc's trochspield.
"De meeste bezoekers konden de humor er wel van inzien en er klonk geen wanklank. Er was veel begrip voor de vrijwilligers, die op een creatieve manier het waterprobleem wisten op te lossen", seit Henri Meijering fan it museum.
Henri Meijering by de WC fan it Kazemattenmuseum © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It lek is yntusken wol fûn, mar it duorret noch even foardat de wetterlieding reparearre is. "De leiding is namelijk van asbest en daarvoor moeten mannen in witte pakken opdraven."
It museum hopet dat it probleem kommende freed wer ferholpen is.