Arrestaasjeteam hâldt fjouwer minsken oan yn Ljouwert om drugshannel

23 jun 2021 - 14:11

De plysje hat yn Ljouwert fjouwer minsken oanholden op fertinking fan de hannel yn drugs. It giet om twa Ljouwerters, en ynwenners fan Utrecht en De Bilt.

Foto: Shutterstock.com / Nomad_Soul

Der ha ôfrûne moannen ferskate meldingen west fan oerlêst yn de Kersenstraat en de Aakstraat yn Ljouwert, seit de plysje. Dy is dêrnei mei in ûndersyk begûn, want it fermoeden bestie dat der drugs ferhannele waard fanút hûzen oan dy strjitten.

Tiisdeitejûn hat in arrestaasjeteam in ynfal dien yn de hûzen en dêr twa minsken oanholden. De twa oare fertochten binne oanholden op de sneldyk by Ljouwert. De Ljouwerters binne in man fan 55 en in frou fan 49 jier.

By it trochsykjen fan it hûs is harddrugs fûn en oare saken dy't mei drugs te krijen ha, seit de plysje. It ûndersyk rint noch, de fjouwer fertochten sitte fêst.

Trefwurden: 
plysje drugs
(Advertinsje)
(Advertinsje)