Sykaksje nei fisker by Skylge

25 jul 2012 - 11:24

De Kustwacht hat woansdeitemoarn grut alarm slein neidat bij Skylge in ferlitten fiskersboatsje fûn wie. Yn it boatsje leinen learzens, angels en in fiskkoffer. De rêdingboaten fan Skylge en Flylân waarden alarmearre en ek in helikopter fan de fleanbasis Ljouwert waard ynset.

Neidat de eigener opspoard wie waard dúdlik dat it boatsje losrekke en ôfdreaun wie. In bergingsbedriuw hat it boatsje weromsleept nei de haven fan Skylge.

Trefwurden: 
kustwacht sykaksje fisker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)