Prizen fan fakânsjewenten op Waadeilannen mei 30 persint omheech

23 jun 2021 - 12:23

Fakânsjehuzen op de Waadeilannen, fan âlds al in djoer gebiet, binne foarich jier trochsneed noch 30 persint djoerder wurden. Yn Nederlân binne yn 2020 in rekôroantal fakânsjewenten ferkocht.

Foto: Omrop Fryslân

De Nederlânske Feriening fan Makelaars (NVM) meldt dat de ferkeap fan rekreaasjewenten yn Nederlân yn 2020 sterk tanommen is. Neffens de NVM hat dit te krijen mei de winsk om yn eigen lân rêst te finen of makliker thúswurkje te kinnen. Yn it hiele lân namen de prizen mei 13,6 persint ta, ta sa'n 172.500 euro.

Waadeilannen it djoerst

Op de Waadeilannen nimme de prizen hurder ta as yn de rest fan it lân. De NVM meldt in groei fan mear as 30 persint yn de priis fan in fakânsjehûs, wylst de prizen hjir earder ek al ta de heechsten fan it lân hearden. Foar in twadde hûs betelle de keaper yn 2020 op de Waadeilannen trochsneed 375.000 euro.

Nettsjinsteande de priisstigingen binne op de Waadeilannen yn 2020 dûbeld safolle huzen ferkocht as it jier dêrfoar. Yn de Fryske en Oeriselske Marren binne de prizen mei mear as 25 persint tanommen, meldt de NVM. Ek yn dit gebiet binne yn 2020 twa kear safolle fakânsjehuzen ferkocht as yn 2019.

(Advertinsje)
(Advertinsje)