Slachtoffers op boat Boalsert ferstoarn troch giftige akkudampen

23 jun 2021 - 20:45

In stikkene akku is de oarsaak fan de dea fan twa opfarrenden fan in skip yn Boalsert, ein april. Dat docht bliken út de earste resultaten fan in ûndersyk, sa stelt in wurdfierder fan it Iepenbier Ministearje. Troch de defekte akku is der wetterstofsulfide frijkaam. It ynazemjen fan dy stof, ek yn lege konsintraasjes, is ekstreem gefaarlik.

Foto: CAMJO Media

De twa slachtoffers op it skip yn Boalsert wiene in 52-jierrige man en in 49-jierrige frou út Súd-Hollân. In oar stel dat mei wie op de boat moast nei it sikehûs. Earst waard tocht oan koalmonoksidefergiftiging. It NFI, it Nederlands Forensisch Instituut, hat de ôfrûne wiken ûndersyk dien. It definitive rapport komt pas nei de simmer.

De boatferhierder is yntusken heard troch de plysje. Ek de fabrikanten fan de boat en de akku wurde noch befrege. It is neffens it Iepenbier Ministearje noch net dúdlik oft hjir in strafrjochtlik ûndersyk efterwei komt.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma leit út wat der sa gefaarlik is oan in akku

It gas dat frijkomt by in lekkende akku kin rûkt wurde. Neffens de brânwacht hat it de geur fan rotsjende aaien. De slachtoffers hawwe it fermoedlik net rûkt trochdat se leine sliepen.

Fentilearjen kin it earste gefaar fuort nimme. Akku's moatte dan fuort ôfkeppele wurde.

Der hawwe faker ûngelokken west mei wetterstofsulfide op boaten. Safier bekend binne dêrtroch noch nea earder yn Nederlân minsken om it libben kaam.

Trefwurden: 
Boalsert boat gas akku
(Advertinsje)
(Advertinsje)