Natuergebiet Mandefjild tenei net mear tagonklik foar fytsers

Der meie tenei gjin fytsers mear yn it Mandefjild by Bakkefean komme. Troch tanimmende drokte komme kwetsbere dielen fan it natuergebiet ûnder druk te stean. De nije regels jilde fan 12 july ôf.
© Shutterstock / sportpoint
Steatsboskbehear en It Fryske Gea feroarje de tagongsregels fan it Mandefjild by Bakkefean. Der mochten al gjin ruters en motorisearre ferkear yn it gebiet komme, tenei ek gjin fytsers mear. It gebiet is benammen by mountainbikers populêr. Kuierders binne noch gewoan wolkom.
It natuergebiet beslacht ûnder oare bosken, heide en sânflakten en is dêrmei leefgebiet fan ferskate dier- en plantesoarten. De nije regels binne ynfierd om de leefgebieten te beskermjen.
Michel Krol fan It Fryske Gea oer de nije tagongsregels