Fyftich bargen sakje troch stâlflier yn Droegeham

23 jun 2021 - 10:11

Yn in stâl oan de Skieppedrifte krekt bûten Droegeham binne woansdeitemoarn fyftich bargen troch in stâlflier sakke. De brânwacht fan Droegeham is útriden om help te ferlienen.

Foto: Brandweer Surhuisterveen

Hoe't it foarfal barre koe en hoe't de bargen der oan ta binne, is net bekend.

Trefwurden: 
Droegeham bargen
(Advertinsje)
(Advertinsje)