FIDEO: Thúsakademy mei Cisca Wijmenga oer groanyske en âlderdomssykten

Wat hawwe ús terms mei ús sûnens te krijen? Dat is ien fan de fragen dêr't heechlearaar Humane Genetica Cisca Wijmenga (Drachten, 1964) har mei dwaande hâldt. Dizze topwittenskipper krige yn 2015 de Spinozapremie foar har baanbrekkende ûndersyk. Yn dizze earste ôflevering fan Thúsakademy fertelt se mear oer har fakgebiet: auto-ymmúnsykten en ôfwarsystemen yn it lichem.
Yn har kolleezje fertelt se oer groanyske sykten en âlderdomssykten. Sy ûndersiket de gearhing tusken erflike en net-erflike faktoaren. Se fertelt oer it Lifelines-projekt dêr't tûzenen noarderlingen oan meidogge en dat in skat oan ynformaasje oer dizze sykten opsmyt en se giet yn op de baktearjes yn ús terms en wat de rol dêrfan is op ús sûnens.
© Omrop Fryslan
De lêzing is yn de Hortustún achter it âlde akademygebou yn Frjentsjer. Under de útstjoering kinne sjoggers fragen stelle. Dy fragen wurde sammele en programmamakker Bart Kingma nimt se dan nei ôfrin mei de sprekker troch.
© Omrop Fryslân
Thúsakademy is in gearwurking fan Omrop Fryslân en Academie van Franeker, om it wichtige en faak wêzentlike wurk fan wittenskippers begryplik oer te bringen. In soad - foar de measte minsken - abstrakt en yngewikkeld ûndersyk kin foar ús allegear in konkreet belang tsjinje.
Yn 2017 is besletten om it ferline fan de Frjentsjerter Universiteit (1585-1811) yn de Academie van Franeker in ferfolch te jaan om wittenskip en maatskippij tichter by inoar te bringen mei publykskolleezjes.
De folgjende ôflevering fan Thúsakademy is op woansdei 30 juny om 20.30 oere by Omrop Fryslân. Dan is de sprekker heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma (Himmelum, 1958).
Fia syn belangstelling foar it Waadgebiet kaam Piersma by de trekfûgels en ûntduts er dat dy fûgels dêr binne, om't der fretten is. En sa kaam er by de fragen: wat ite wy sels, hoe sjocht ús lânbou derút en kinne we buorkje sûnder de ierde te fernielen?