Wer diskusje yn ried Achtkarspelen oer weromdraaien besunigingen

De gemeenteried fan Achtkarspelen giet yn de kommende gearkomste opnij yn diskusje oer it weromdraaien fan besunigingen. Dit kear giet it om in twatal subsydzjes dy't yn de eagen fan de opposysjepartijen FNP en PvdA oerein bliuwe moatte.
De riedseal fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
By de riedsgearkomste fan 1 july tsjinje de fraksjes fan FNP en de PvdA moasjes yn om de subsydzjes oan de ferieningen fan pleatslik belang en it sosjaal-kultureel wurk yn stân te hâlden. Yn de begruttingsgearkomste fan ein ferline jier gie in streek troch beide jildstreamen fan 2022 ôf. Dizze besluten moatte wer ynlutsen wurde, fine de FNP en de PvdA.

Finansieringsopset

De subsydzje foar de pleatslike belangen moatte minimaal op it hjoeddeiske nivo bliuwe, sa sizze Maaike Dotinga-van der Veen en Theun Nicolai út namme fan beide partijen. As it oan it kolleezje fan B en W leit, komt der in oare finansieringsopset. Hoe't dat foarm krije moat, moat noch besjoen wurde.
Oer de finansiering fan it sosjaal-kultureel wurk naam de ried fan Achtkarspelen yn april unanym in moasje oan om 'it effekt fan de besunigingen te herstellen'. De moasje soarget foar ûndúdlikens en docht gjin rjocht oan de wichtige funksje fan de sosjaal-kulturele aktiviteiten, fine de FNP en de PvdA.

De Wâldsang

Yn de lêste gearkomste fan de ried fan Achtkarspelen, begjin dizze moanne, waard de besuniging op kultuersintrum De Wâldsang troch de polityk weromdraaid. Dêrmei waard it muzykûnderwiis yn de gemeente rêden. Yn dit gefal gie it ek oer in subsydzje wêrtroch't by de begruttingsgearkomste in streek helle wie.