Autobestjoerder rjochtet ravaazje oan op it Zuidvliet yn Ljouwert

In autobestjoerder út Grins hat tiisdeitejûn om likernôch 23.30 oere in ravaazje oanrjochte op it Zuidvliet yn Ljouwert. De bestjoerder rekke ferwûne en hy beskeadige yn elk gefal fjouwer parkearre auto's, in peal en in beam.
© Kappers Media
De bestjoerder botste oan it begjin fan it Zuidvliet al tsjin in auto, wêrnei't hy trochried. Nei de rotonde fleach de auto fan de dyk. De auto ried oer in peal en knalde tsjin in parkearre auto. Dêrmei waard in kettingreaksje yn gong set wêrby't noch twa auto's skansearre rekken. De bestjoerder kaam úteinlik mei syn auto ta stilstân tsjin in beam.
De automobilist is mei ûnbekende ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs. By de bestjoerder is bloed ôfnommen om't er mooglik ûnder ynfloed ried. It like derop dat der noch in twadde ynsittende wêze soe. It is net bekend oft dy noch oantroffen is.