Mark Cavendish ek yn profronde

25 jul 2012 - 11:12

Wrâldkampioen Mark Cavendish stiet takom wike oan de start yn de Profronde fan Surhústerfean. De organisaasje fan de profronde hat dêr woansdei in akkoart oer berikt mei de hurdfytser dy't trije etappes wûn hat yn de lêste Tour de France. Earder hie Surhústerfean ek al de Slowaak Peter Sagan fêstlein. Sagan wûn ek trije etappes yn de Tour. Pieter Weening fan De Harkema stiet ek oan de start. De organisaasje ûnderhannelet noch mei oare toppers.

Yn totaal hat de organisaasje 250.000 euro beskikber foar it oanlûken fan hurdfytsers.

(advertinsje)