Nij boek oer de pake fan Buma: "Allerlei feiten die zelfs Sybrand nog niet kende"

23 jun 2021 - 08:04

Skriuwer André Vermeulen presintearret woansdei in biografy oer Sybrand Marinus van Haersma Buma (1903-1942). Dizze âld-boargemaster fan Starum en Wymbritseradiel is de pake fan Sybrand Buma, boargemaster fan Ljouwert.

In monumint foar pake Van Haersma Buma - Foto: Wikimedia Commons

As boargemaster fan Wymbritseradiel kaam Sybrand Marinus iepenlik yn ferset tsjin de Dútske besetters troch it dragen fan in spjelde mei de byltenis fan keninginne Wilhelmina. Nei oanlieding dêrfan waard hy arrestearre.

Buma waard earst fêstset yn de finzenis fan Scheveningen. Dêrnei siet hy yn de kampen Amersfoort en Oberhausen. Uteinlik waard hy oerbrocht nei it konsintraasjekamp Neuengamme, dêr't hy ferstoar.

Research

De skriuwer hat de measte fan de ynformaasje foar syn boek opdien yn Tresoar. "Daar ligt een behoorlijk omvangrijk familiearchief van de familie Buma. Bovendien liggen daar nog allemaal andere documenten. Er bleken uitvoerige dagboeken te zijn van de weduwe van 'Inus' Buma. Er was een dagboek van zijn vader uit Den Haag en er was ook een uitgebreide correspondentie tussen Inus zelf en zijn jongere broer Willem", seit Vermeulen.

Nei oardel jier research koe Vermeulen pas begjinne oan it skriuwen fan it boek.

Bysûnderste passaazje

It meast bysûndere stik fan it boek sit al direkt oan it begjin, sa seit de skriuwer. "Dat is de scene waarin Inus Buma is gearresteerd in het voormalige café Piso in Sneek", seit Vermeulen.

Skriuwer André Vermeulen oer it boek

"Dan wordt hij door de Nederlandse collaborateurs naar zijn huis meegenomen om een koffer met kleding te pakken. Dat zou er op duiden dat hij wel wat langer van huis weg zou blijven."

"Zijn zoon Bernhard, de latere burgemeester van Workum en Sneek, was toen een jongetje van 10 jaar. Hij had de gebeurtenissen heel helder op zijn netvlies staan. Dat heeft hij uit de doeken gedaan en dat heeft hij heel beeldend verteld. Daar heb ik het boek mee geopend", fertelt Vermeulen.

Bern

It boek is al lêzen troch famyljeleden fan Sybrand Marinus Buma. "Er zijn van de vier kinderen van Inus Buma nog twee in leven. Twee dochters. Eentje woont in Leeuwarden en de ander woont in Amerika. Die zijn allebei razend enthousiast", seit Vermeulen grutsk.

"Sybrand zelf, de burgemeester van Leeuwarden, heeft het natuurlijk ook gelezen. Hij kwam allerlei feiten tegen die hij zelfs nog niet kende. De reacties zijn over het algemeen heel enthousiast", seit de skriuwer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)