Rennie Rijpma nije haadredakteur AD: "Tiid om myn eigen aksinten te lizzen"

23 jun 2021 - 07:19

Friezinne Rennie Rijpma wurdt fan 1 july ôf de earste froulike haadredakteur fan it Algemeen Dagblad. Rijpma fan Oentsjerk wurket sûnt 2011 foar it lanlike deiblêd. Earder wie se redakteur by it ANP as sjef Entertainment en sjef Binnenlân.

Yn 'e midden Rennie Rijpma (argyfbyld) - Foto: ANP

De telefoan fan Rijpma hat sûnt de bekendmakking fan it nijs net stilstien. "It is ûngelooflik hoefolle oft dit blykber losmakket", seit de nije haadredakteur. "Ik ha it net mear byholden, mar it binne hûnderten berjochten."

De Friezinne sil alle felisitaasjes beäntwurdzje, mar dat freget wol in bytsje geduld fan har kontakten. "Earne de kommende dagen sil ik dat seker dwaan", seit Rijpma. "It is moai om wer even kontakt te hawwen mei minsken dêr'tst al hiel lang neat fan heard hiest."

Aksinten

Rijpma behearde al ta de haadredaksje fan de krante. "It is foar my no de tiid om myn eigen aksinten te lizzen", seit de sjoernaliste. Dat sil benammen op it digitale flak wêze.

"Dy krante meitsje we al 75 jier. Dat is elke dei in soad wurk en moai wurk, mar we witte ek hiel goed hoe't dat moat. Dus dat kin ik folle better oan oaren oerlitte as it digitale wurk, wat noch folle mear in syktocht is nei hoe sille we dit krekt dwaan."

Frou

It is noch mar de twadde kear dat in frou haadredakteur wurdt fan in lanlike krante. Birgit Donker wie yn 2006 by NRC de earste.

Rijpma soe har frou wêzen graach fertale nei de krante en de webside fan it AD. "Ik ha dit jier ris telle litten troch in oantal redakteuren hoefolle froulju oft der op de haadpagina steane. Dan docht bliken dat de manlju fierwei yn de mearderheid binne", seit Rijpma.

"Dêrnei haw ik telle litten hoe sit it mei de minsken dy't oan it wurd komme en doe waard it kontrast noch skerper. Je seagen folle mear manlju oan it wurd as froulju."

De kâns is grut dat we de kommende tiid dus mear froulju sjen sille yn de artikels en fideo's fan it AD. "It freget somtiden krekt wat mear kreativiteit om te sjen: kinne we hjir ek net in frou foar oan it wurd krije?", seit Rijpma.

Rennie Rijpma oer har nije baan

(Advertinsje)
(Advertinsje)