Wenningen ûntromme nei brân yn Johannes Semsstrjitte yn Ljouwert

23 jun 2021 - 06:34

Meardere wenningen yn Ljouwert binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei ûntromme fanwegen in brân yn in hûs oan de Johannes Semsstrjitte. De brânwacht hie de brân nei likernôch in oere ûnder kontrôle.

Foto: CAMJO media

By de brân kaam in soad reek frij. Neffens de brânwacht wie it dreech om de boppeste ferdjipping te berikken. Dit is úteinlik slagge mei in heechwurker.

In ambulânse kaam te plak om inkelde minsken te kontrolearjen. By de brân is úteinlik gjinien ferwûne rekke.

De gebouwen mei reekskea wurde fentilearre. It is noch net bekend wannear't dy wer frijjûn wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)