Kolleezje kin komst rubberferwurkingsbedriuw yn Feanwâlden net keare
It kolleezje fan Dantumadiel kin de komst fan in rubberferwurkingsbedriuw oan de Swette yn Feanwâlden net keare. En dat wylst der wol noed is oer de risiko's dy't fêstiging fan it bedriuw RVN (Rubber Verwerking Nederland) meibringe kin.
"Het college betreurt dit zeer en had het graag anders gezien", skriuwe boargemaster en wethâlders.
De oanfraach moast toetst wurde oan it bestimmingsplan Veenwouden-Zuid fan 1993. En yn dat bestimmingsplan is de fêstiging fan sa'n bedriuw tastien. Der binne dus gjin goede redenen om it bedriuw te wegerjen. Dit hat it kolleezje oan de ried, de omwenners, de oanfreger, it pleatslik belang en de ûndernimmersferiening witte litten.
Wachtsje op nij bestimmingsplan mocht net
Yn it nije ûntwerp bestimmingsplan Feanwâlden Súd mei it bedriuw him ek fêstigje, mar dan moat ûnder oare de bouhichte wol oanpast wurde. It wachtsjen op in nij bestimmingsplan is lykwols wetlik net mooglik. De termyn fan 12 wiken is yn septimber 2020 al bûten gien, dêrom moat it kolleezje it bedriuw tastean.
Shredderjen
It bedriuw hat in oanfraach dien foar it opslaan en sortearjen fan rubber, mar út in brief oan omwenners die ek bliken dat der ek rubber shreddere wurde moat. Oer dat fynmeallen kamen in soad klachten fanwege stank- en lûdsoerlêst op in eardere lokaasje yn Almen.
Noed by doarpsbelang
It doarpsbelang hie al soargen oer komst fan it bedriuw nei yndustryterrein De Swette. It shredderjen fan rubber 'past helemaal niet op de beoogde locatie,' skreau de feriening fan doarpsbelangen Feanwâlden-Feanwâldsterwâl yn in brief.