Jongelju yn Dantumadiel popelje om te crossen

It gas der op en crosse, dat is wat de jongelju yn Dantumadiel it leafst wolle. Sy hawwe yn de ôfrûne oardel jier alles út de kast helle om in crossbaan foarinoar te krijen. In boer hat sels lân beskikber steld. Dochs komme de plannen troch burokrasy op it gemeentehûs net fan de grûn.
Stichting Motorsport Promotie Friesland set him bot yn foar de jongelju en hat plannen betocht foar in crossbaan yn Damwâld. De jongelju hoopje dat de plannen rap realiteit wurde. "Wy wolle hiel graach traine foar de wedstriden, mar dat wurdt wol hiel lestich sûnder crossbaan", leit crosser Anna Kempenaar út.

Crossseizoen

Jongereinwurker Romke de Vries besiket ek druk efter de kwestje te setten. "Wy binne no juny, dus it crossseizoen is al healweis. Dus wolle je noch wat tiid te besteegjen hawwe, dan moatte wy no wol los." Neffens De Vries stiet de jongerein der, benammen yn coronatiid, wol echt om te springen.

Nei de simmerfakânsje

De gemeente seit mei de boer dy't syn grûn beskikber stelle wol yn petear te wêzen. As de lokaasje definityf is en de plannen fan Stichting Motorsport Promotie Friesland útwurke binne, dan kin in fergunning oanfrege wurde. De gemeente ferwachtet nei de simmerfakânsje mear dúdlikens jaan te kinnen yn de kwestje.
Oft de jongelju sa lang wachtsje kinne, is mar krekt de fraach. "Oars gean wy mei in ploechje motors nei it gemeentehûs ta en sille wy in protte lawaai meitsje, sadat se einliks hearre dat wy dit echt nedich ha", seit crosser Erik de Bruin.