Tjeerd de Groot (D66) wol ûnôfhinklik ûndersyk nei stroomkabels Skiermûntseach

22 jun 2021 - 22:21

De D66-fraksje yn de Twadde Keamer wol in ûnôfhinklik ûndersyk nei de rûte fan de stroomkabels foar it wynpark by Skiermûntseach. De minister fan Ekonomyske Saken hat ek in ûndersyk oankundige, mar D66 fynt it wichtich dat de Twadde Keamer net ôfhinklik is fan it ministearje. Dat skriuwt Tjeerd de Groot fan D66, ynkoarten yn Wâldsein wenjend, yn in foarstel.

D66-Keamerlid Tjeerd de Groot - Foto: ANP

Der is in soad diskusje oer de kabels, omdat dizze dwers troch Skiermûntseach oanlein wurde moatte. In soad partijen en organisaasjes hawwe in foarkar foar in trasee oan de eastkant fan it eilan.

Kontra-ekspertize

Der moatte ûnôfhinklike wittenskippers frege wurde om te sjen nei de beslútfoarming fan de minister, fynt D66. De fraksje neamt it 'kontra-ekspertize'. De partij wol it kiezen fan de wittenskippers oerlitte oan de koepels yn de wittenskip, ek om de ûnôfhinklikens te garandearjen.

D66'er De Groot seit: "De minister heeft naar aanleiding van de ophef en het debat dat D66 heeft aangevraagd toegezegd om er nog eens naar te kijken. Maar de kans bestaat dat als dezelfde experts worden gevraagd, je dezelfde antwoorden krijgt over het tracé. Als Kamer ben je er om de minister te controleren. Waarom zou je dan niet zelf een aantal experts vragen om de argumentatie van de minister te onderzoeken?"

Tsjinmacht fan de Keamer

Kontrôle troch de Keamer dus, wat neffens De Groot hjoed-de-dei wichtiger is as oars. "Ook in het kader van de discussie over macht en tegenmacht is het goed om dit als Kamer in de gaten te houden."

"Gezien het belang en de grote maatschappelijke discussie over dit onderwerp achten we het van belang niet enkel afhankelijk te zijn van de informatievoorziening vanuit het ministerie, maar om eigenstandig onze informatiepositie te versterken", skriuwt De Groot yn it foarstel.

Undersyk yn it simmerreses

D66 giet der fanút dat der nei it simmerreses yn de polityk in plenêr debat komt oer de kwestje. It ûndersyk soe yn de tuskentiid dien wurde kinne. It moat foaral djipper yngean op de ûnderbouwing en arguminten fan de minister. En yn 't bysûnder wêrom't dy oars binne as dy fan de regionale oerheden yn Fryslân.

D66-Keamerlid Tjeerd de Groot

"Er zijn veel zorgen bij de inwoners van Schiermonnikoog en bij mensen die houden van de natuur. We waren verrast door het feit dat deze stroomkabels dwars door Schiermonnikoog en het kwetsbare wantij moeten komen", fertelt De Groot.

Tiidsdruk

Neffens De Groot sit der tiidsdruk op: "Als we drie maanden verder zijn voordat de minister antwoorden heeft, kan de minister zeggen: nu moet ik wel doorzetten, anders halen we de Klimaatdoelen van 2030 niet. Om dan niet nogmaals in een discussie te verzanden, is het goed om de argumentatie onafhankelijk te laten bekijken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)