Meiwurker finzenis Ljouwert ferwûne troch oanfal finzene

In meiwurker fan de Ljouwerter finzenis is tiisdeitemiddei swierferwûne rekke nei in oanfal fan in finzene. De detinearde foel twa meiwurkers oan. Ien fan harren is mei holleletsel nei it sikehûs brocht, mar mocht letter op de dei wer nei hûs. De oare meiwurker is net ferwûne rekke by it ynsidint.
Argyfbyld fan de finzenis yn Ljouwert © ANP
De finzene is yn in isolearsel pleatst. Hy is oerpleatst nei in spesjale ôfdieling fan de finzenis yn Vught: de ôfdieling foar 'Beheersproblematische Gedetineerden' (BPG). De gefolgen fan it ynsidint by de meiwurkers binne grut.

"Komt hurd oan"

Eltsenien dy't der by belutsen wie is fuort út it wurk helle, seit finzenisdirekteur Gino Tibboel: "Alle andere gedetineerden zijn direct naar hun cel gebracht. Dat geeft iedereen de ruimte om de hulpverlening op gang te laten komen. De medewerkers zijn opgeleid om heftige incidenten te voorkomen, om de-escalerend op te treden. Dat zoiets dan toch gebeurt komt hard aan." Foar de meiwurkers binne dan ek allerhanne mooglikheden foar opfang en neisoarch regele.
Mei it slachtoffer giet it nei omstannichheden goed, seit Tibboel: "Voor hem en zijn collega, die met de gedetineerde heeft gevochten, is goede trauma-opvang geregeld."

Carien Hofman

It ynsidint yn de PI Ljouwert docht tinken oan de dea fan Carien Hofman. Sy waard troch in detinearde yn de aktiviteiteromte delstutsen. Tibboel: "Geweld in de gevangenis komt vaker voor. Maar niet zo heftig als toen. Het is bij de collega's die hier toen al werkten hard aangekomen. Die ervaring van toen was heel erg traumatisch. Voor deze mensen hebben we extra begeleiding geregeld."

Oanjefte en ûndersyk

De direksje fan de PI Ljouwert hat oanjefte dien by de plysje. Der wurdt ûndersyk dien nei it ynsidint.
Gino Tibboel, direkteur fan PI Ljouwert