Polders en lânboulân by Aldeholtpea ta natuer makke yn beekdelling De Lende

Tusken Aldeholtpea, De Hoeve en Steggerda wurdt fan 102 bunder grûn natuergebiet makke. It giet om twa polders en in earder lânbougebiet yn de beekdelling fan De Lende. Yn totaal wurdt der goed 1,5 miljoen euro ynvestearre yn de gebieten. Mei de oanpak moat der in grutter bioferskaat en mear wetterberging komme.
De polder Hoekstra, súdlik fan Aldeholtpea © Provinsje Fryslân
It giet om in ynrjochting foar Natuernetwurk Nederlân. Yn de gebieten komt in heger wetterpeil, wat krûdryk gerslân, wiet healân en sompe opsmite moat. Op de hegere parten is romte foar drûge heide. Yn de twa polders komme natuerfreonlike en ûndjippe wâlskanten. Dat is goed foar de wetterkwaliteit en de bisten.

Ferbining mei De Lende

De polders Hoekstra (súdlik fan Aldeholtpea) en IJkenverlaat (noardlik fan De Hoeve) komme yn ferbining mei de beek De Lende. Sa ûntstiet der ekstra romte foar wetter. By IJkenverlaat komme in nije keardaam mei fiskpassaazje en stegers foar kanofarders.
De 1,5 miljoen euro komt by de provinsje, Wetterskip Fryslân en de Regiodeal Zuidoost-Fryslân wei. De maatregels binne ûnderdiel fan gebietsûntwikkeling 'Beekdal Linde'.
De trije gebieten © Provinsje Fryslân