Opfang foar slachtoffers fan earerelatearre geweld rekket fol: mear finansiering nedich

22 jun 2021 - 18:03

De opfang fan slachtoffers fan earerelatearre geweld yn Ljouwert rekket fol. Troch de coronakrisis ha de jonge froulju dy't hjir sitte lange tiid út byld west, mar no't de maatskippij wer iepengiet, feroaret dat en nimt de helpfraach ta.

De helpfraach by Fier nimt ta:

Ein ferline jier sieten yn de opfang fan ekspertize- en behannelsintrum Fier 2 famkes, no binne dat der 35. Opmerklik is dat it faaks om tige jonge famkes giet fan Syryske komôf.

Neffens Ali Veldhuis, regybehanneler fan de opfang, ha de problemen troch de coronakrisis net sichtber west. "Vergeet niet dat het geweld achter de voordeur in familiekring plaatsvindt. Normaal krijgen we de signalen van scholen, politie of hulpverleners die bij de mensen thuiskomen. Door de corona gebeurde dat niet meer", seit Veldhuis. "Maar door de versoepelingen is dat nu wel weer het geval, vandaar die enorme toename van meisjes in de opvang."

Famylje-eare

"Bij traditionele, niet- westerse families gaat het om de eer van meisjes en vrouwen. Daarmee gaat het ook om de eer van de familie", seit Anke van Dijke, bestjoerder by Fier.

As de famylje-eare skeind wurdt, bygelyks troch de relaasje fan it famke, kin der yn guon famyljes fan alles mei harren barre. "Mishandeling, opsluiting, meisjes die niet meer naar school mogen. Soms ook dreiging om meisjes naar het buitenland te sturen en daar achter te laten."

Folle opfang, mar 'gjin finansiering'

"'Nee' is geen optie voor deze groep mensen. Eerlijk gezegd nemen wij nu wel de slachtoffers op omdat het anders verregaande consequenties kan hebben. Maar de financiering is daar niet op afgestemd," seit Van Dijke. De opfang krijt betelle foar it tal famkes dat opfongen wurdt.

"Wij hopen dat de gemeente en het Rijk met ons meekijken. Nu vangen we wel op maar hebben we er geen financiering voor", seit van Dijke. "Je ziet eigenlijk dat het een soort vraag en aanbod is. Dat is met dit soort specialisme heel erg lastig."

Bestjoerder Anke van Dijke fan Fier Ljouwert

Trefwurden: 
Fier earerelatearre geweld
(Advertinsje)
(Advertinsje)