Twa Fryske snelfytsrûten krije 1,5 miljoen subsydzje fan it Ryk

22 jun 2021 - 18:02

Twa saneamde snelfytsrûten troch Fryslân krije subsydzje fan it Ryk. It giet om de trajekten tusken Ljouwert-It Hearrenfean en tusken Drachten-Oerterp. It giet yn totaal om mear as 1,5 miljoen euro.

Foto: Shutterstock.com (Glitterstudio)

Fan it bedrach giet it grutste part nei Ljouwert. Nei Smellingerlân giet in heal miljoen. Gemeenten koene sels net streekrjocht in berop dwaan op it jild, mar de provinsje wol.

Yn 2020 makke de provinsje bekend mei de Fryske gemeenten de kommende jierren 10 miljoen euro te stekken yn it ûntwikkeljen fan snelfytsrûten. Dat binne romme en feilige fytspaden dy't derfoar soargje moatte dat minsken rap tusken plakken hinne en wer fytse kinne. Sa moat it kiezen foar de fyts yn stee fan de auto stimulearre wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)