16 jier selstraf easke foar stekpartij by Ljouwerter stasjon

22 jun 2021 - 17:32

It Iepenbier Ministearje hat 16 jier finzenisstraf easke tsjin de 39-jierrige fertochte dy't ferline jier de Koerdyske aktivist Sadegh Zarza by it Ljouwerter stasjon delstuts. It slachtoffer waard leafst 22 kear stutsen mei in grut mes. It Iepenbier Ministearje easket dêrom ek in feroardieling fanwegen it besykjen ta moard. Bewiis foar politike motiven is der net.

Foto: Kappers Media

De oanslach barde op 19 juny ferline jier. It wie midden op de dei en dêrtroch wiene ek in soad minsken tsjûge fan de stekpartij. De fertochte joech himsels fuort oer oan de plysje.

Gjin bewiis foar polityk motyf

It ûndersyk hat gjin oanwizingen opsmiten dat de fertochte hannele út politike motiven of yn opdracht fan in oar. It slachtoffer wie foarsitter fan de Koerdische Democratische Partij Iran (KPDI) yn Europa, in partij dy't yn Iran ferbean is. Yn it ferline hawwe dêrom wolris oanslaggen west op partijpromininten.

Ek it slachtoffer hat earder te krijen hân mei bedrigingen. Dêrom tocht de famylje dat it slachtoffer op in deadelist stie en dat de dieder in hiermoardner wie.

Kontakt

Likegoed it slachtoffer as de fertochte komme út Iran. It slachtoffer en de heit fan de fertochte wiene yn it ferline klasgenoaten yn Itan. De heit frege it slachtoffer of hy kontakt opnimme woe mei syn soan om dy te helpen, dy't yn Nederlân wie foar stúdzje. De dei foar de stekpartij hat dêr noch telefoanysk kontakt oer west.

Psychyske problemen

Ut ûndersyk hat dus net bliken dien dat de fertochte yn opdracht fan de Iraanske regearing hannele. De fertochte ûntkent dat sels ek. Neffens famylje fan de fertochte hat er al langere tiid te krijen mei slimme psychyske problemen. De fertochte hie ek gjin spyt fan syn die.

(Advertinsje)
(Advertinsje)