Wat hat Eisinga sels oan syn planetarium skildere?

22 jun 2021 - 17:21

In histoarysk kleure-ûndersyk moat ynformaasje jaan oer wat yn it Eise Eisinga Planetarium 250 jier âld is en wat letter oanbrocht is. Foar de status fan UNESCO Wrâlderfgoed is it wichtich om safolle mooglik te witten oer Eisinga en syn wurk.

Wat hat Eisinga sels oan syn planetarium skildere?

Bûten de iepeningstiden stiet yn de planetariumkeamer in steger, dêr't ûndersiker Hinke Sigmond har wurk op docht. Mei fergrutglês, ljocht, kamera en skalpel ûndersiket sy de kleurskiednis. Sa wurdt der fan alles ûntdutsen.

Wizerplaten ferskood

"Als je wat langer kijkt zie je steeds meer", seit histoarysk kleurûndersiker Hinke Sigmond. "Ik zag bij de sommige letters dat er andere onder te zien zijn en ook dat wijzerplaten op andere plaatsen hebben gezeten."

Hinke Sigmond docht histoarysk kleurûndersyk - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Der sitte ferskate lagen ferve op de panielen en guon letters binne ea op 'e nij oanbrocht. It ûndersyk sil earst allinnich mar mear fragen oproppe. It is it begjin, letter sil sjoen wurde wat it allegear betsjut.

Hoe unyk is it?

In nominaasje foar de wrâlderfgoedstatus jout ferplichtingen en dêrom dizze stúdzje. "We nomineren iets wat uniek is in de wereld", leit direkteur Adrie Warmenhoven út. "Dus moet je ook kennis hebben van die uniciteit. Dan is niet alleen de persoon en het radarwerk van belang, maar ook de kennis van waar je hier naar kijkt in de kamer."

Restauraasjes

Dat it 250 jier âlde planetarium geregeld restaurearre is, is bekend. Mar hoe en wat net. De mikroskoop moat der oan te pas komme om de fervemeunsters te analysearjen. Hoe lang it ûndersyk duorje sil is noch net dúdlik.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)