Gjin feest yn Frjentsjer: "Mar litte wy bliid wêze dat de PC sels wol kin"

22 jun 2021 - 19:11

De PC giet op 4 augustus troch, mar feest yn de stêd komt der net. "Dêr wurde gjin fergunningen foar jûn," seit boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke. "Minsken binne wolkom om te winkeljen of om op in terraske te sitten, mar feest is der net. Mar: litte wy bliid wêze dat der foar sa'n 9.000 minsken wol wer wat fantastysk hâlden wurde kin op it Sjûkelân. Ferline jier koe dat hielendal net."

Het hoge woord is er uit, de PC gaat door:

Op it terrein fan it Sjûkelân is it wat oars as oars, leit boargemaster Waanders út. "Njonken in tagongskaart moatte minsken ek in bewiis leverje kinne mei de app dat sy feilich binne. Op it terrein sels hoecht nammentlik net de 1,5 meter-grins oanhâlden te wurde. It terrein is wat grutter."

De tapen en muzyk op strjitte binne der net, dus komt net foar eat wat der net is.

Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke

Sy is der mar wat wiis mei dat it wol trochgean mei. "Mei de hjoeddeiske regels kin it, dus litte wy dêr bliid mei wêze. Allinne it gebrûklike feest is der net. De tapen en muzyk op strjitte binne der net, dus kom net foar wat dat der net is."

Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

De organisearjende partijen hawwe moandei in gearkomste hân oer it tafersjoch. Der binne mear minsken nedich, ûnder oare foar it kontrolearjen fan de coronabewizen. "Wy hawwe wiidweidich oerlis hân mei it befeiligingsbedriuw, de plysje, mei Veiligheidsregio Fryslân, ús eigen minsken en fansels de minsken fan de PC-kommisje. Wy hawwe der ôfspraken oer makke."

PC Frentsjer (argyfbyld) - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
Trefwurden: 
keatsen PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)