Sven Kramer foar it earst op it iis nei operaasje: "We spylje alles-of-neat"

Stiif, focht yn 'e rech en net sa soepel bewege kinne; Sven Kramer krige wol in reaksje fan syn lichem doe't er moandei foar it earst op it simmeriis fan Thialf stie. It iisstadion is fan moandei ôf wer iepen foar de topsporters. It bliuwt oant de ein fan it seizoen yn maart lizzen.
Sven Kramer wie ien fan de earste reedriders:
Dat der ferlet fan wie, die fuortendaalks bliken: it wie drok op It Hearrenfean. Njonken de ôfstânsriders wie ek de nasjonale shorttrackploech yn it stadion.
Foar Kramer wie it bêst wol wat spannender as gewoanwei. Hy is begjin maaie operearre oan syn rech en dat is dus noch mar seis wiken lyn. Dochs stiet er no wol wer op de redens. "It is in yllúzje om te tinken dat it hjoed perfekt giet, as ik seis wiken lyn operearre bin. Uteinlik wurdt it allinne mar better", sa is Kramer hoopfol.
Ik wol der net mear yngean fan: ik moat hoopje op in goeie dei en dan kin ik meidwaan.
Sven Kramer liet him operearje
De reden fan de operaasje is simpel. "Ferline jier wie it gewoan net goed genôch. By flagen wol, mar it moast echt better. Op de training hie ik goeie mominten, mar dêrfoar wurd ik net betelle."

Slach slaan

Troch foar in olympysk jier ûnder it mes te gean, nimt de reedrider fan Jumbo-Visma wol in risiko, sa jout er sels ek ta. "We spylje alles-of-neat. Dat past by my. Ik wol der net mear yngean fan: ik moat hoopje op in goeie dei en dan kin ik meidwaan. Dêr wie ik wol klear mei. Hooplik kinne we hjir in goeie slach mei slaan."
By de oare riders dy't op it iis stiene, siet ek Jorrit Bergsma fan Team Zaanlander. "It is altyd efkes wennen," seit Bergsma. "Wy hawwe wol in soad skeelere. De hâlding is itselde, mar de technyk is wol oars. It is lekker en noflik om wer op it iis te stean."

Talitten

Team Zaanlander heart mei Jumbo-Visma, Reggeborgh en Worldstream by de kommersjele ploegen dy't al talitten wurde, om't der sponsorjild bydroegen is. Guon oare ploegen moatte noch oant 5 july wachtsje.