Operaasje Fryske Flagge: Jan Sake Hofstede wennet yn it drokke Hongkong

22 jun 2021 - 16:24

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Jan Sake Hofstede, dy't yn Discovery Bay yn Honkong wennet.

Foto: Jan Sake Hofstede | Omrop Fryslân

Fryslân en Hongkong: de ferskillen kinne hast net grutter. Jan Sake Hofstede, berne yn Drylts, kaam yn 1987 as horloazjemakker telâne yn it grutte Hongkong, dat rûchwei 7,5 miljoen ynwenners hat. Dat barde op syn 22e. It kaam ek foar himsels as in grutte ferrassing dat er him der sa thúsfiele soe. "Ik wie as jonkje hiel ferlegen", seit Hofstede, dy't ûnder oare foar Swatch, Rolex en Richmond yn Hongkong wurke hat.

Gau werom nei Hongkong

Nei syn oplieding as horloazjemakker yn Hoorn wie syn heit in man tsjin it liif rûn dy't in moaie baan as horloazjemakker hie foar de doe 21-jier âlde Jan Sake. In wichtich detail: dy baan wie yn Hongkong. Hofstede: "Ik moast yn dy tiid efkes nei de biblioteek, om út te finen hoe't it der útseach."

It aventoer soe earst twa jier duorje, mar it die al gau bliken dat it hiel oars rinne soe. Doe't Hofstede nei de earste acht moanne wer ris in kear werom kaam yn Fryslân, hie hy nammentlik al in freondinne. Dat wie net hielendal wat syn mem foar eagen hie. "Ik moast gau wer werom", seit Hofstede. "Sy wachte dêr op my."

Stêd fan in pear miljoen

No, 33 jier letter, wennet er noch hieltyd yn Hongkong, dêr't Hofstede wurket foar Lidl. Hy is benammen dwaande mei de ynkeap fan horloazjes foar it bedriuw. De ferskillen mei Fryslân binne grut. "Hongkong leit op in oerflak sa grut as Fryslân", seit Hofstede. Mei 7,5 miljoen minsken is it der wol in hiel stik drokker. Boppedat wurdt mar 25 prosint fan dit oerflak brûkt, de rest is natuergebiet. "Yn Hongkong wurdt dêrom heech boud."

"Jo moatte der wol oer kinne. It is net foar elkenien weilein", seit Hofstede. "Je hawwe der in bepaald karakter foar nedich: jo moatte sels ek rap wêze."

Strangste coronabelied

"Hoe langer je fuort binne, hoe mear je it misse", seit Hofstede oer it plak dêr't er berne is. "Fryslân is hiel moai. Je misse it lânskip, it plattelân, de buorkerijen en de tsjerkjes." Ek mist Hofstede de winter. "It reedriden, de échte moaie winters."

Hy sil noch efkes wachtsje moatte foar't hy werom kin nei Fryslân. "Hongkong is it strangste lân mei it hanthavenjen fan corona", seit Hofstede. Elkenien moat him by oankomst teste litte en elkenien moat it sels betelje, ek it ferplichte karantênehotel. Hofstede: "Ik kin wol nei jim ta komme, dat is gjin probleem. Mar kom mar wer ris werom."

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

Trefwurden: 
Operaasje Fryske Flagge
(Advertinsje)
(Advertinsje)