Yn de 'Nacht van het Wad' op syk nei 544 Fryske nammen foar nachtflinters

22 jun 2021 - 15:43

Nachtflinterfotograaf Durk Schakel fan Deinum is op syk nei 544 Fryske nammen foar nachtflinters. De bedoeling is dat eltsenien Fryske of sels Biltske nammen oandrage kin. Dat wurdt dien yn it ramt fan it projekt Donkerte van de Wadden. Sneon stiet der mei de Nacht van het Wad in spesjale nachtflinteropstelling yn De Westhoek.

De ligusterpylksturt - Foto: Shutterstock.com (LecartPhotos)

Foar lang net alle bisten en planten besteane Fryske nammen, dat jildt ek foar nachtflinters. "Ut in twaddehânsk boek oer Fryske nachtflinters fan de Fryske Akademy haw ik in soad Fryske nammen fûn. Letter is de list ek oanfolle troch Vlinderwerkgroep Friesland. Mar der ûntbrekke noch flink wat", seit Durk Schaaf.

Hy is sneon as fotograaf by De Westhoek mei in opstelling, dêr't nachtflinters mei fotografearre wurde kinne. Dat docht hy yn gearwurking mei herberch The Friezinn yn De Westhoek.

Tsjusterte fan it Waad

It projekt Donkerte van de Wadden is fan ûnder oare de Waadferiening de Friese Milieu Federatie en de gemeente Waadhoeke. It idee hjirfan is om omtinken te freegjen foar de tsjusterte fan it Waad. Ek yn de nacht is der in soad bioferskaat. Sneontejûn binne by The Friezinn allerhanne aktiviteiten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)