Wetterhúshâlding yn polder De Foarútgong by Aldehaske ferbettere

22 jun 2021 - 15:03

Wetterskip Fryslân is dwaande om de wetterberging yn polder De Foarútgong tusken De Jouwer en It Hearrenfean te ferbetterjen. De sleatten wurde breder makke en de wâlskanten wurde natuerfreonliker. Sa kin de polder fan sa'n 1.400 bunder tenei better wetter opfange by needwaar en bliuwt der ek mear wetter oer by drûge perioaden.

Foto: Daniël Hartog

Troch klimaatferoaring binne der faker ekstreme situaasjes fan wetteroerlêst en wettertekoart. Dêrom wurde de haadwettergongen breder makke oer 17,5 kilometer. It betsjutte wol dat likernôch 70 oanlizzende eigeners grûn ôfstean moasten.

Ferbining De Tsjonger-Nannewiid

Ek de oanfier fan wetter út De Tsjonger wei nei it Nannewiid by Aldehaske wurdt oanpakt: it wetterpeil tusken de rivier en natuergebiet it Easterskar wurdt ferhege. Fia de Rotster Sleat streamt it wetter nei it feanmarke Nannewiid.

Easterskar

De trije besteande gemalen yn De Foarútgong hoege hjirmei gjin wetter mear te pompen foar in reidfjild by it Easterskar en sleatten mei in heech wetterpeil by Rottum en Sint-Jânsgea. Der binne ek ferskate fan dy heechwettersirkwys ferbettere.

Yn totaal kostet it projekt 2,3 miljoen euro. Provinsje Fryslân en in Europeesk lânboufûns stypje yn de kosten. Ein dit jier moat it wurk klear wêze.

Foto: Daniël Hartog
(Advertinsje)
(Advertinsje)