Kuierpaad nei Waterloo by Balk

Der moat sa gau mooglik in kuierpaad komme nei it oarlochsmonumint fan Waterloo by Balk. Der is dêr wol in parkearplak, mar dat leit in pear hûndert meter fan it monumint ôf. De ChristenUnie yn provinsjale steaten hat dêr no fragen oer steld. Neffens de partij moatte skoalklassen no fanwege de ferkearsfeiligens in ein troch de greide rinne. Dat fynt de ChristeUnie in minne saak. Oarlochsmonuminten moatte goed tagonklik wêze.
It monumint fan Waterloo is foar in allieard fleantúch dat dêr yn 1942 delstoarte. Dêr kamen sân fleaners by om.