Seizoenkaarten SC Cambuur twa moannen foar kompetysjestart útferkocht

SC Cambuur hat alle beskikbere seizoenkaarten foar kommend seizoen útferkocht. Dat lit de fuotbalklup witte op sosjale media. It giet yn totaal om 7.050 kaarten.
© ANP Foto
Cambuur promovearre yn april mei it kampioenskip yn de earste difyzje nei de earedifyzje. Dêrmei kearden de Ljouwerts nei fiif seizoenen wer werom op it heechste nivo.
It stadion fan Cambuur hat in kapasiteit fan 10.000 taskôgers. Net alle plakken binne ferkocht as seizoenkaarten. In part is beskikber foar sponsoaren en de klup wol ek minsken yn de frije ferkeap noch in kâns jaan.