Fergunning foar tigerferbliuw AquaZoo: Amoertigers kinne dit jier noch komme

Gemeente Ljouwert hat in fergunning ferliend oan AquaZoo foar de bou fan it nije tigerferbliuw. Dat betsjut dat de twa nije Amoertijgers, ek wol Sibearyske tigers, nei alle gedachten oan de ein fan dit jier nei Ljouwert komme kinne.
It ferbliuw fan de nije tigers sil nei de simmer boud wurde en krijt ferskate soarten beplanting, hichteferskillen en fansels in soad wetter. De koördinator fan it Europeeske fokprogramma fan de Amoertiger sil letter dit jier bepale hokker twa tigers nei Ljouwert komme sille.

Bedrige soarte

"Het is een prachtig dier dat in de natuur heel erg bedreigd is: er leven er nog maar een paar honderd", seit Jeroen Loomeijer, parkmanager by AquaZoo. De bistetún wol mei help fan edukaasje, bydragen oan it fokprogramma en it stypjen fan beskermingsprojekten derfoar soargje dat de bisten net útstjerre.
Amoertiger Aquazoo © Aquazoo
Yn it nije gebiet fan AquaZoo wurde besikers aanst meinaam nei it gebiet fan de Amoer, ien fan de grutste rivieren yn de wrâld. De besikers kinne hjir ûnderweis fan alles leare oer dizze kontreien en de Amoertigers.
Fersoarger William Kreijkes