Doarpsmûne Reduzum hat fereaske tal fan 500 leden binnen

22 jun 2021 - 12:52

Mear as 500 húshâldens yn Reduzum, Idaerd en Friens binne lid wurden fan de koöperaasje foar in nije doarpsmûne. De stichting Doarpsmûne Reduzum hie 500 leden nedich om foldwaan te kinnen oan ien fan de betingsten yn de subsydzje-oanfraach.

De doarpsmûne yn Reduzum - Foto: Omrop Fryslân

Der komme sels noch hieltyd oanmeldingen binnen by de stichting. Op dit stuit binne der 518 oanmeldingen. It maksimum tal is 550.

De ôfrûne wike ha ambassadeurs fan de wynmûne de doarren del west om minsken oer te heljen lid te wurden. "Dy persoanlike oanpak wurke úteinlik it bêst", seit Jeljer Zijlstra fan de koöperaasje. Leden moatte ien kear in bydrage fan 5 euro betelje foar ûnbepaalde tiid.

Wachtsje

De fergunningen foar de nije mûne wiene ek al binnen, dus no is it allinnich noch wachtsjen op de subsydzje. "Dat kin wol in pear moannen duorje."

De stichting hopet de mûne nei de simmer bestelle te kinnen. Op syn betiidst hat Reduzum dan medio 2022 in nije doarpsmûne.

Jeljer Zijlstra fan stichting Doarpsmûne Reduzum

Trefwurden: 
Reduzum doarpsmûne
(Advertinsje)
(Advertinsje)