SC Cambuur pakt troch en is rûn mei spits Tom Boere

22 jun 2021 - 19:09

SC Cambuur hat de spitsposysje foar it kommende seizoen ynfolle. In wike lyn fersterke de klup him al mei Sam Hendriks en no binne de Ljouwerters ek rûn mei Tom Boere. Hy tekenet foar twa jier by Cambuur. De 28-jierrige spits komt transferfrij oer fan it Dútske SV Meppen, dat yn de tredde Bundesliga spilet.

Boere is bliid mei syn oerstap nei Ljouwert. Hy hat trije redenen om foar Cambuur te kiezen: "Omdat het een hele mooie club is, omdat ze op het hoogste niveau spelen en omdat ik weer in Nederland wil spelen."

Doelpuntemakker

Nettsjinsteande dat Boere it lêste jier net in soad doelpunten makke hat, tinkt technysk manager Foeke Booy fan Cambuur wol dat it in doelpuntemakker wurde kin. "Tom kiest heel goed positie in de zestien en is direct naar de goal. Als hij bediend wordt, dan weet hij het doel makkelijk te vinden", sa seit de Ljouwerter.

De spits spile yn de jongerein by Ajax, mar sette syn earste stappen yn it betelle fuotbal yn België. Yn Nederlân bruts er troch by TOP Oss, doe't er yn de earste difyzje 33 doelpunten makke yn ien seizoen. Dêrmei fertsjinne Boere in transfer nei FC Twente, dêr't er goed twa seizoenen spile. Yn it begjin fan it tredde seizoen stapte er oer nei Dútslân, dêr't er foar trije ferskate klups spile.

Sûnt de begjin fan dit jier kaam de Bredanaar út foar Meppen. Dêr skoarde er yn achttjin wedstriden twa kear. Meppen spile tsjin degradaasje út de tredde Bundesliga.

Foto: Orange Pictures

De iene spits komt, de oare giet

Foar de komst fan Boere oer stiet it fuortgean fan in oare spits. Maarten Pouwels sil nei alle gedachten de oerstap meitsje nei in oare klup. Cambuur is mei in klup út de earste difyzje akkoart oer in transfer fan Pouwels. De spits moat der sels noch wol útkomme mei syn mooglik nije wurkjouwer.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Tom Boere
(Advertinsje)
(Advertinsje)