Twaspjalt yn ried Weststellingwerf: wol of gjin auto's yn sintrum Wolvegea?

22 jun 2021 - 11:02

De riedsfraksjes yn Weststellingwerf ferskille bot fan miening oer wat goed is foar it sintrum fan Wolvegea. In part fan de ried tinkt mei it kolleezje dat it in pree is foar Wolvegea as auto's noch stapfoets troch de winkelstjitten ride kinne, mar in oar part tinkt dat guon minsken dêrtroch de kar meitsje sil om op in oar plak te winkeljen.

Foto: Lourens Looijenga

It liket in soarte fan kompromis te wurden. Der leit in foarstel dat 'auto te gast' hjit. Dat foarstel komt der op del dat it noch hieltyd mooglik bliuwt foar auto's om troch de winkelstrjitten te riden, mar dat mei allinnich stapfoets.

Der wurdt lykwols noch wurke oan dat foarstel. Kolleezjepartij CDA hat al oankundige om mei in foarstel te kommen om op bepaalde tiidstippen de strjitten ôf te sluten. Op sneontemiddei bygelyks.

Net fier genôch

De partijen GrienLinks en SDW giet dat lykwols net fier genôch. Dy partijen wolle hielendal gjin auto's mear yn de winkelstrjitten fan Wolvegea. "Maar zij zien ook wel dat ze dat politiek niet gaan redden", seit ferslachjouwer Lourens Looijenga.

"Dat komt met name doordat het college luistert naar wat de middenstand van Wolvega vindt. Twee derde van de ondernemers omarmt het voorstel van het college, dus toch met auto's voor de deur en de mogelijkheid om kort te parkeren", seit Looijenga.

'Gjin feiten'

"Het rare aan die discussie gisteravond was dat eigenlijk nergens uit blijkt waarom dat positief zou werken op de aantrekkingskracht van Wolvega als winkelcentrum. Het rare is ook dat de wethouder zegt: Wolvega kan zich onderscheiden van Heerenveen en Steenwijk door de auto's stapvoets door de winkelstraten te laten rijden", seit Looijenga.

"Maar waar dat feitelijk op gebaseerd is, dat blijft een beetje een rare discussie, want er liggen geen feiten op tafel. Dus het is een beetje een onderbuikgevoel bij de ondernemers en men verschuilt zich achter het draagvlak van de ondernemers."

Oer twa wiken wurdt der in beslút naam troch de ried.

Sjoernalist Lourens Looijenga oer Wolvegea

(Advertinsje)
(Advertinsje)