Welcome to The Village ferkeapet sneon inkelde hûnderten kaarten ekstra

Troch de nije ferrommingen fan de coronamaatregels hoege besikers fan Welcome to The Village aansten gjin ôfstân mear te hâlden op it festivalterrein. Dat betsjut dat mear minsken nei it festival kinne. Dêrom sil de organisaasje sneon inkelde hûnderten kaarten ekstra ferkeapje.
Besikers op Welcome to The Village, july 2015 © ANP
Foar it festival, dat op 16, 17 en 18 july holden wurdt, jildt wol in Testen voor Toegang-systeem. De yndieling fan it festivalterrein bliuwt lykwols itselde. De besikers wurde yn trije groepen set en ferdield oer de trije terreinen fan it festival. Troch de dei hinne skowe se troch nei in oar terrein.
De kaartferkeap sil sneon 26 juny, fan 10.00 oere ôf plak fine. No tongersdei wurdt noch in diel fan it programma oankundige.