Net-befeilige spoarweioergong Boazum wurdt earder befeilige

22 jun 2021 - 19:07

De net-befeilige spoarweioergong oan de Singel yn Boazum wurdt yn de rin fan 2022 befeilige. Dat is de útkomst fan bestjoerlik oerlis tusken Súdwest-Fryslân, ProRail, de provinsje en it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. It befeiligjen stie eins pland foar 2023.

De net-befeilige oergongen binne in hjit hangizer:

Oanlieding foar it flugger befeiligjen is it ûngelok by de oergong fan begjin dizze moanne wêrby't twa minsken om it libben kamen.

Unfertarber

"Het is belangrijk dat we ons samen sterk maken voor veilige spoorwegovergangen", seit wethâlder Mirjam Bakker. "Ieder ongeluk is er één te veel."

Deputearre Avinne Fokkens neamt it sa gau mooglik befeiligjen 'in must'. "Het is onverteerbaar dat er nog onbeveiligde overwegen zijn waar mensen om het leven komen", seit Fokkens.

Hylpen

De net-befeilige oergong Skûlenboarch by Hylpen moat uterlik 2023 oanpakt wêze. "Daar willen we met de omwonenden nog meer maatregelen bereiken", seit Dorothé Wennekendonk, regiodirekteur fan ProRail.

"Laat duidelijk zijn, liefst heffen we overwegen op, maar hier is dat in verband met de bereikbaarheid niet mogelijk. Het realiseren van een beveiligde overweg moet vanwege veiligheid zorgvuldig gebeuren. We willen graag benadrukken dat zolang ze er nog liggen, uiterst voorzichtig te zijn als je zo'n overweg moet oversteken", sa seit Wennekendonk.

Eksploitant Guido Furthmüller en Mirjam Bakker (wethâlder Súdwest-Fryslân)

De omwenners fan oergong Skûlenboarch binne útnûge foar oerlis mei ProRail en de gemeente Súdwest-Fryslân op 7 july. De spoaroergong tusken Hylpen en Molkwar wurdt net allinnich troch auto's en fytsers brûkt, mar ek troch de kij fan maatskip Bokma flakby de spoaroergong.

De pleats fan heit Bokma leit oan de westkant fan it spoar, wylst it measte lân oan de eastkant leit. "Een aparte tunnel voor het vee zou de mooiste oplossing zijn", seit buorman Guido Furthmüller.

Ekstra warskôgingsbuorden

Yn ôfwachting fan in mear definitive oplossing binne by Boazum en Hylpen ekstra warskôgingsbuordsjes pleatst mei de tekst: Kijk uit, onbewaakte overweg.

De giele buordsjes falle wol op, mar binne gjin echte oplossing, seit buorman Furthmüller. "Het is weer een bordje er bij en mijn Duitse gasten kunnen het niet lezen. Wat wij willen is echte beveiliging met spoorbomen en waarschuwingslichten."

It ekstra warskôgingsboerd by de net-aktyf befeilige oergong oan de Singel by Boazum - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)