Grutte skoallereiskes wer wat mooglik: Amsterdammers skûtsjesile yn Earnewâld

It wetter oer mei in skûtsje, flotten bouwe en spultsjes dwaan; yn Earnewâld binne dizze wike alle dagen learlingen op in skoalreiske by groepsaktiviteitesintrum De Twirre. It is wer foar it earst dat der sokke grutte groepen ûntfongen wurde nei de coronakrisis. Skipper Jelle van der Meulen is der mar wat wiis mei.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De bern fan dizze groep komme út Amsterdam. Van der Meulen: "Fantastysk mei sa'n groep op 'en paad. Ik tocht earst: wat moat ik mei bern út Amsterdam? Mar it binne sokke leave bern. Se hawwe sa genoaten en meiholpen."
Al reinde it moandei "se kleie net. Se dogge spontaan mei, Se skuorre oan de skoaten en dan wurde se wol waarm."
It plan foar it skoalreiske nei Earnewâld kaam fan in learaar, dy't yn Fryslân grutbrocht is. "Ik hie it sjoen op ynternet en ik ha hjir wol ris earder west. Ik tocht dit is wol in moai plak om hinne te gean", seit de dosint, Louwrens ter Veen.
De bern fine it skoallereiske ek machtich. "Dan hoeven we niet naar school", seit ien fan de learlingen. Ferline kear dat in skoallereiske mooglik wie, gongen de learlingen nei de Efteling. Op de fraach oft se leaver nei dat pretpark gean of te silen yn Fryslân, wit ien fan de jonges it wol. "Met dit weer naar de Efteling, maar anders zeilen in Friesland!"
Harkje nei in bydrage fan Maaike van der Hoek