F-16's fleane Alvestêdetocht as ôfskied: "Onder het bruggetje van Bartlehiem wordt lastig"

22 jun 2021 - 07:45

Je kinne him reedride, fytse en kuierje, mar Definsje sil him tiisdei fleane: de Alvestêdetocht. In groepke F-16's fljocht yn formaasje de alve stêden bydel. It is in ôfskiedsflecht, want de âlde F-16-fleantugen wurde net mear stasjonearre op de Ljouwerter fleanbasis.

Sa fleagen de F-16's yn formaasje de tocht:

De F-16's fleane rûchwei tusken 11.15 en 12.15 oere. It is de bedoeling dat der fjouwer F-16's de loft yn gean en dat sy it parkoers twa oant trije kear fleane. Definsje soarget der ek foar dat de flecht op saneamde 'flight radars' te folgjen is. De fleanbasis freget minsken om oantinkens op te heljen mei de hashtag #OantSjenF16.

Tarieding

Neffens Jayme Tol, wurdfierder fan Definsje, is it foar de piloaten bêst dreech om sa'n Alvestêdetocht te fleanen. "Omdat je in een formatie vlieg kun je wat moeilijker de bochten maken", seit Tol. "Maar we hebben een goede voorbereiding gedaan."

Yn dy tarieding hiene se lykwols gjin rekken holden mei de Alvestêdetradysje: hoe te stimpeljen? "Dat is een heel goed punt. Daar hebben we nog niet over nagedacht. Onder het bruggetje door in Bartlehiem wordt ook heel lastig, maar misschien dat er iemand met een stempelkaartje naar de vliegbasis kan komen", seit Tol.

Volkel

It type F-16 hat yntusken plak makke foar de nijere F-35. De âlde F-16's yn Ljouwert fleane nei Fleanbasis Volkel, dêr't sy noch in pear jier brûkt wurde. De ferwachting is dat de lêste F-16 op 1 july nei Volkel fljocht.

Wurdfierder Jayme Tol fan Definsje

Foto: Vliegbasis Leeuwarden
(Advertinsje)
(Advertinsje)