KNKB skrast keats-off; PC bestjoer wit fan neat

22 jun 2021 - 07:00

It keatsbûn KNKB hat de keats-off foar dit jier skrast. De organisaasje fan de keats-off is yn hannen fan de PC. Dy waard moandei ferrast troch it berjocht dat de KNKB de wedstriid fan de aginda helle hat. De keats-off is in spesjale keatspartij wêrby't keatst wurdt om it lêste (sechstjinde) startbewiis foar de PC.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Neffens KNKB-direkteur Marco Hoekstra is dat dien om yn oanrin nei de PC in represintatyf oantal rankingpartijen keatse te kinnen. Om dat te berikken is it needsaaklik dat de frijeformaasjepartijen fan Seisbierrum en Wytmarsum meitelle foar de ranking. Dy partijen sitte yn it wykein foar de PC. De keats-off stie earder, nammentlik foar tongersdei 29 july op it programma.

Bêste sechstjin

Bykommend probleem by it rankingsysteem is dat ek de earste- en twaddeklassepartijen hjiryn meitelle. Wurdt der in haadklassepartij keatst, dan moat der ek yn de earste en twadde klasse in frijeformaasjepartij keatst wurde.

Mei de koarte oanrin nei de PC (it seizoen begjint it kommende wykein) seach de KNKB gjin oare mooglikheid as safolle mooglik keatspartijen foar de PC meitelle de litten. En dus telle de bêste sechstjin klassearre partoeren nei de partij yn Wytmarsum, trije dagen foar de PC. Dy partoeren keatse de PC.

In fersin

PC-foarsitter Ids Hellinga is net bliid mei dizze beslissing, mar seit dat de PC "der luchtich yn sit". "Wy hawwe dit net fan de KNKB te hearren krigen, mar fia de keatsers. Ik haw it KNKB-bestjoer frege om opheldering, mar ik haw noch gjin antwurd krigen. Sa lang gean ik der fan út dat it in fersin is."

Der hat foarôf gjin oerlis west mei ús.

Ids Hellinga, PC-foarsitter

Wol fynt Hellinga it frjemd dat der oer dizze kwestje foarôf gjin oerlis west hat mei de PC. KNKB-direkteur Marco Hoekstra seit dat der wol belle is mei de ponghâlder fan de PC en dat der ek in mail útgien is nei de PC. Hellinga ûntkent dit. "Dat telefoantjse gie hjir net oer. En wy hawwe de algemiene mail krigen dy't ek nei de keatsers gien is. Der hat fierder foarôf ek gjin oerlis west mei ús", sa seit hy.

"Mar we moatte dit mar net grutter meitsje as it is. 'Verbaast u niet, verwondert u slechts.' Mar ik fyn wol dat de KNKB wat oars mei dy ranking omgean moatten hie yn dizze bysûndere situaasje. Ik bin net tsjin ranking, mar ik haw no it gefoel dat dy ranking gjin middel is, mar in doel", seit Hellinga.

Trefwurden: 
keatsen PC keats-off
(Advertinsje)
(Advertinsje)