Skouting op syk nei ûnderdak

24 jul 2012 - 20:31

De skoutingklup fan Bûtenpost hat nei de brân fan sneon noch net in nij ûnderkommen. De klup hat tiisdei oerlis hân mei de gemeente en sil earst ferskate opsjes ûndersykje. Sa wolle de leden fan de klup it leafst dat in part fan it âlde klupgebou brûkt wurdt. Dit moat lykwols earst noch goed ûndersocht wurde op feiligens.

In oare opsje is om tydlik by in oare feriening yn te lûken. De skouting hopet begjin septimber definityf in ûnderkommen foar takom seizoen te hawwen.

Trefwurden: 
Bûtenpost brân skouting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)