'Kamera's mei gesichtsherkenning ferbiede sil net wurkje'

22 jun 2021 - 06:15

De oprop fan de Autoriteit Persoonsgegevens om kamera's te ferbieden dy't gesichten herkenne, komt tsien jier te let. Dat seit ûndernimmer Gerard Mijnheer fan it Drachtster bedriuw Libertas Security. Syn bedriuw ferkeapet in soad 'yntelliginte kamera's'.

Befeiligingskamera - Foto: Shutterstock.com

Bedriuwen, mar ek ynstânsjes lykas de plysje binne al hielendal wend om mei sokke kamera's te wurkjen. Mijnheer tinkt dêrom dat dy ûntwikkeling net samar weromdraaid wurde kin. It probleem is neffens him earder dat de technyk de regeljouwing jierren foarút is.

Mijnheer hat der wol begrip foar dat der oer nije regels neitocht wurdt om ûneigentlik gebrûk fan sokke kamera's foar te kommen. Mar gesichtsherkenning hielendal ferbiede sit der neffens him net mear yn.

"Yntelliginte bewakingskamera's binne hjoed-de-dei standert", fertelt Mijnheer. "Je kinne der gesichten mei herkenne, mar ek kentekens. Se kinne ek de koartstemperatuer fan ien mjitte en sjen oft minsken wol of gjin mûlkapkes op hawwe. Fanwege de corona binne dat tapassings dy't we it ôfrûne jier in hiel soad ferkocht hawwe."

"Dreech te ferbieden"

Krekt omdat yntelliginte bewakingskamera's mei gesichtsherkenning al sa bot ynboargere binne, sil it net tafalle om se no noch te ferbieden, tinkt Mijnheer. "Soks wer hielendal weromdraaie sil net tafalle. De fraach nei dizze funksjes sil bliuwe. Dêr kinne we net samar ôfskied fan nimme."

In yntelliginte kamera kin ek sjen oft in besiker of passant earder op in plak west hat. De kamera kin ek troch gesichtsbedekking hinne scanne. "De technyk is tige avansearre", fynt Mijnheer.

Hoelang oft de bylden en de byhearrende ynformaasje bewarre bliuwe, is in kwestje fan ynstellen. By in soad bedriuwen en ynstellings is in perioade fan in pear wike net ûngewoan, mar it kin ek koarter of sels folle langer wêze.

"Der is gjin ûntkommen oan"

Mijnheer tinkt dat in foarbygonger by in kuier troch it Drachtster sintrum samar tsientallen kearen troch in yntelliginte kamera sinjalearre wurdt. "In hiel soad winkels hawwe in kamerasysteem te hingjen mei in tûke kamera. Se binne faak sa lyts dat se net mear opfalle. Der is gjin ûntkommen oan."

Tsjin kriminaliteit

De kommende tiid wurdt yn Europeesk ferbân praat oer de ynset fan keunstmjittige yntelliginsje en yntelliginte kamera's yn de striid tsjin de kriminaliteit. De Europeeske Kommisje soe dy kant wol op wolle, mar de 27 lidsteaten en it Europeesk Parlemint moatte harren dêr noch oer útsprekke.

Gerard Mijnheer fan Libertas Security

(Advertinsje)
(Advertinsje)