Philips ropt apparaatsjes tsjin sliep-apneu werom, MCL: "By twivel kontakt opnimme"

Yn Amearika hat fabrikant Philips bepaalde type apparaatsjes tsjin sliep-apneu weromroppen. Foar de rest fan de wrâld jildt in feilichheidswarskôging. Sikehûs MCL yn Ljouwert advisearret dêrom om it apparaat gewoan te brûken. Minsken dy't twivelje kinne kontakt opnimme mei harren behanneler.
© ANP Foto
It sliepapparaatsje fan Philips bestiet út in kapke dat de pasjint op hat en in kastje. Yn hiel Fryslân brûke sawat twahûndert minsken nachts de CPAP apparatuur dêr't Philips no oer berjochtet.
Troch lichte suerstofdruk soarget it apparaat derfoar dat de azemwegen iepen bliuwe. By de pasjinten stûkje oars ferskate kearen yn de nacht de siken. It begjint dan ek altyd wer fansels. Dêrtroch giet de kwaliteit fan de sliep bot achterút. Minsken binne oerdeis wurch en se witte net hoe't dat komt.

Plestikdieltsjes

Ferline wike brocht fabrikant Philips nei bûten dat harren beäzemingsapparatuer Dreamstation gefaarlik wêze kin foar de sûnens, om't plestikskûm, ûnder oare foar lûdsisolaasje, loslitte kin. De pasjint kin de plestikdieltsjes dan ynazemje en dat kin gefaarlik wêze. It giet lykwols wol om bepaalde types fan dizze Philips CPAP apparatuer.
Philips kundige in weromropaksje ôf. Letter waard dúdlik dat dat allinnich foar Amearika jilde, net foar Europa en de rest fan de wrâld. De hiele situaasje soarge foar nochal wat ûndúdlikens by pasjinten mei sliep-apneu.

Ynterne skjinmakprosessen

Neffens longdokter Jan van der Maten fan it MCL liket it derop dat it lûdsisolaasjeskûm ûnder omstannichheden dampen en mikrodieltsjes frijlitte kin nei't it apparaat yntern skjinmakke is troch de leveransier. It liket der neffens him op dat it probleem net in soad spilet yn Nederlân. Dochs is noch net alle ynformaasje bekend.
It MCL advisearret om net samar te staken mei it CPAP-apparaat. Minsken dy't twivelje kinne kontakt opnimme mei harren behanneler. De medyske wrâld wachtet no ôf mei hokker oplossing Philips komme sil en hoe grut it probleem yn Nederlân en Fryslân is, sa lit it MCL witte.