Steuring brêge yn de Ofslútdyk ferholpen: dyk wer hielendal iepen

Ferkear op de Ofslútdyk hat moandeitemiddei lêst hân fan in brêge dy't iepenstean bleau. Dêrtroch koe it ferkear der net mear del en hat de dyk yn beide rjochtingen ôfsletten west. In monteur hat it maleur ferholpen. Om 19:00 oere koene de auto's der wer del.
De Stevinslûzen (argyffoto) © ANP
Earst wie ferkear yn beide rjochtingen net mear mooglik. Der ûntstie in file fan 3 kilometer op de A7 by Den Oever. It ferkear út Fryslân wei waard omlaat oer de dyk Grins/Emmeloord.
Letter koe it ferkear by de Stevinslûzen yn beide rjochtingen oer ien rydstripe by inoar del. Om 18:40 melde de ANWB dat de steuring ferholpen is en dat de brêge om 19.00 oere wer hielendal iepengiet foar it ferkear.