Keatsseizoen begjint dit wykein ek foar senioaren mei haadklassepartij yn Holwert

It keatsseizoen set dit wykein útein foar de senioaren. It seizoen begjint mei in troch elkoar lotterspartij foar manljus haadklassers yn Holwert. Foar Concordia Holwert betsjut dit de primeur. Kommende snein komme de earsteklassers yn aksje yn Dronryp. De partij yn Holwert stie al op dizze datum yn de aginda.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De manljus haadklassers hawwe snein noch in frije dei. Op it programma stie in frije formaasjepartij yn Berltsum. Neffens foarsitter Jelle Eijzenga fan de keatsklup wie de tiid om sa'n haadklassepartij te organisearjen te krap.
Dy tiidsproblemen jilde foar mear ferienings en dat betsjut ûnder oaren dat it Nederlânsk kampioenskip foar frouljus, dat it kommende wykein yn Froubuorren hâlden wurde soe, net trochgiet. Dat NK sil no nei de frouljus PC (dy is op 25 augustus) ferkeatst wurde. It keatsbûn is oer in eksakte datum noch yn oerlis mei de keatsferiening yn Froubuorren.
Yn de nije keatsaginda binne noch in oantal nije datums ynfolle. Op 24 july siet der noch in gatsje yn dy aginda. Dat wurdt no opfolle mei in frije formaasjepartij yn Sint-Anne foar manljus haadklassers.

Bûnspartijen

Der binne ek noch twa bûnspartijen (Nederlânske kampioenskippen) fêststeld. Op 28 augustus wurdt yn Frjentsjer it NK foar junioaren keatst. Op 4 septimber is yn Tsjom it NK foar senioaren.