Jan Kromkamp: "Italië is mijn favoriet!"
Ald-ynternasjonal Jan Kromkamp (11 ynterlannen) fan Makkingea seit yn de SportCast dat hy sjarmearre is fan Italië. "Italië speelt het leukste voetbal, lekker fris, lekker aanvallend. Ik hoop ook dat ze winnen."
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Jan Kromkamp spile yn de Champions League, hat 11 ynterlannen op syn namme stean en siet by de seleksje fan Oranje by it WK yn 2006. Kromkamp is berne yn Makkingea en dochs spile er noait yn Fryslân.
"Ik had bij Go Ahead Eagles twee goede jaren gehad en er was wel belangstelling van Heerenveen. Maar ik denk dat ze de vraagprijs te hoog vonden, want AZ heeft uiteindelijk 3 miljoen gulden voor mij betaald."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.