Underwiisynspeksje dizze wike nei Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp

De ûnderwiisynspeksje komt noch dizze wike lâns foar in kontrôle by it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp. Dit dogge sy nei oanlieding fan de ûnrest en klachten. Dit waard bekend makke by it koart pleit fan moandei by de rjochtbank yn Amsterdam. It bestjoer fan it Tjalling Koopmans College wol ferbiede dat in rapport fan de ûnderwiisynspeksje oer de kwaliteit en de finânsjes fan de skoalle iepenbier makke wurdt.
Underwiisynspeksje dizze wike nei Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp
It bestjoer fan SVPO fynt dat it publisearjen fan it rapport soarget foar reputaasjeskea en finansjele skea. Se ha dêrom in koart pleit oanspand tsjin de ûnderwiisynspeksje by de sivile rjochter yn Den Haag. Dy moat in ynhâldlik oardiel jaan oer de kwaliteit fan it ûndersyk fan de ynspeksje. Oant dat oardiel fan de rjochter der net is, mei der net publisearre wurde, fynt it bestjoer fan it SvPO.
De ûnderwiisynspeksje seit dat der neat mei is mei it ûndersyk. De ynspekje sjocht dan ek gjin reden om de publikaasje op te kearen. "Ouders, kinderen en docenten hebben recht op deze onderzoeken. Als zij een keuze maken voor een bepaalde school moeten zij over dit soort informatie kunnen beschikken", sei in wurdfierder fan de ynspeksje by de rjochter.
Mei inoar giet it om 15 rapporten. Acht gean oer de finânsjes by de ferskate ynstellings en fiif gean oer de kwaliteit. Dan rint der noch in aparte proseduere oer trije rapporten oer de skoallen yn Hoorn, Utrecht en Amsterdam. Dy krigen it oardiel 'Zeer Zwak'.

'Serieuze problemen'

Hoewol't der net ynhâldlik praat waard oer de ynhâld fan de ferskate rapporten is al dúdlik wurden dat it rapport oer de kwaliteit fan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp net negatyf is. Al hat de ûnderwiisynspeksje it oer 'serieuze aandachtspunten' foar de learlingen. Ek sjocht de ynspeksje 'serieuze problemen'.
Oprjochter Misja Van Denderen bestriidt dat. Hy seit dat se oantoane kinne dat de kwaliteit fan it ûnderwiis 'uitmuntend' is. Dat jildt ek foar de oare fêstigings. Van Denderen stelt dan ek dat publikaasje fan dizze rapporten skealik is foar de skoalle. "Het levert een eenzijdig beeld op dat voor de school nadelig is en dat kan reputatieschade opleveren." De saak by de sivile rjochter yn Den Haag moat dat dúdlik meitsje.
Dat jildt ek foar de rapporten oer de finânsjes. Neffens it bestjoer fan SvPO stean yn it rapport fan de ynspeksje noch in soad fraachtekens oer hoe goed oft de finânsjes der foar steane. Dy fragen kinne maklik beäntwurde wurde, sei Van Denderen yn de rjochtbank.
It Tjaling Koopmans College yn Hurdegaryp © Omrop Fryslân, Theo Ligthart
De ûnderwiisynspeksje fynt dat de rapporten soarchfâldich binne en dêrom ek gewoan publisearre wurde kinne. Al stelt de ynspeksje dat it net maklik is in goed oardiel te jaan om't se noch net genôch resultaten sjoen ha. Je ha meardere jierren nedich om te sjen hoe't it giet mei in skoalle en as de eineksamenresultaten in jier ôffalle dan moat der ek in mooglikheid wêze om dat te ferbetterjen. Dat kin noch net by alle fêstigings fan it Tjalling Koopmans College, stelt de ynspeksje.
Fan it oardiel oer it iepenbier meitsjen fan de rapporten hinget in soad ôf, seit Misha van Denderen. In minne beoardieling kostet in skoalle jild. "Een negatief rapport over de school in Utrecht heeft ons zo'n 30 inschrijvingen gekost. Dat kost ons over vijf jaar al snel 1,3 miljoen euro. De schade is dus groot als een rapport waarvan wij de inhoud bestrijden ongenuanceerd gepubliceerd wordt."

Utspraak binnen oardel wike

Binnen oardel wike docht de rjochter útspraak oer it iepenbier meitsjen fan de rapporten. Takom wike spilet ek noch in oare saak. Dan foar de rjochtbank yn Ljouwert. Dêr tsjinnet dan in koart pleit fan ûnderwiisfakbûn AOB tsjin it bestjoer fan it SvPO om de skorsing op te heffen fan dosint Bert Mul. Hy kaam ferline wike nei bûten mei krityk en waard doe fuort op non-aktyf set.
Omrop Fryslân wol graach yn kontakt komme mei âlden fan learlingen op it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp en mei learlingen sels. Ast dyn ferhaal diele wolst, mail dan nei: redaksje@omropfryslan.nl.